Oer ús

Oer ús

Wer steane wij foar

De feriening Bêd en Brochje hat as doel om it eigen gesicht fan Fryslân te promoatsjen.
Op it plattelân en yn ‘e stêd litte wy ús gasten it Frysk eigene ûnderfine troch ús gastfrijens en stipe bij it ûntdekken fan Fryslân en de Fryske kultuer. It Frysk eigene kinne de gasten letterlik priuwe yn de Fryskeigen- en  streekprodukten bij it brochje.

Bij de measte Bêd en Brochjes genietsje je ek fan in al even rojaal brochje mei Fryskeigen produkten en/of nije duorsume streekprodukten. Mar tiden feroarje. Sûnt corona binne mear B&B’s oergongen ta ien B. Of mei oare wurden,  yn guon fan ús B&B’s hiere je in appartemint, of in keamer mei gebrûk fan keuken, en soargje je foar je eigen brochje.

Wij hâlde fan it Fryske lânskip, fan de romte. De gasten priuwe bij ús fan it libjen op it plattelân mei rêst en stilte, mei de natuer fol bisten en planten – of just ús libjen yn ús âlde stêden of gesellige doarpen.

Wij fine it leuk ús gasten in pear wurden Frysk te learen. We helpe har op wei nei bysûndere sportdagen, iepenloftspullen, âlde tsjerken, wat der mar op it plattelân oan nijsgjirrichs te belibjen is. Fansels ek likegoed nei ús moaie Fryske stêden en alles wat dy te bieden ha.

Dit jier fiere wij ús 50 jierrich jubileum. We ha noch deselde doelstelling as bij de oprjochting. It oerbrêgjen fan de kleau tusken stêd en plattelân is noch like aktueel.
Op it jubileumfeest yn Poppenwier, op 1 april 2023, is in oersjoch fan de ôfrûne 50 jier toand.

Wêrom soenen je as Bêd en Brochje-eigner lid wurde

In tal belangrike revenuen steane hjirûnder neamd. Mar it foarnaamste is tink wol dat wij de doelstelling diele. We helpe elkoar, en we hoopje troch it útdragen fan dy mienskiplike wearden in bijdrage te leverjen oan it behâld dêrfan foar kommende generaasjes.

  • Jo akkomodaasje wurdt promoate fia ús mienskiplike site. Nije leden wurde mei in slide-show boppeoan presintearre.
  • Jo profitearje fan de fierdere promoasje troch ús feriening, bijgelyks fia artikels yn nijsmedia, ús folder en fia adfertinsjes yn toeristyske blêden
  • Jo krije ynformaasje oer wetlike betingsten en feroaringen en profitearje fan de kennis en ûnderfining fan alle leden
  • Jo krije adfys by it oanlizzen fan in folderrek mei kuiers en fyts-/autotochten
  • Jo kin adfys krije oer boekhâldkundige saken
  • Jo krije tips oer de fjouwer kwaliteitsterreinen: iten & drinken, kommunikaasje, ynrjochting en duorsumens

Hjir fast wat tips oer duorsumens:
Duorsumens It Brochje
Duorsumens Wetter

Jo krije materialen mei it Bêd en Brochje logo:

  • Grut boerd bij de homeije
  • Lyts boerd foar oan de doar
  • Flage
  • Servetten
  • Flyers
  • Boekje ‘Taal fan it hert’ fan de provinsje

Jo profitearje fan de belangebehertiging dy’t de feriening fersoarget bij VVV’s en oare ynstânsjes dy’t har mei toerisme dwaande hâlde.

Mei wa kinne je kontakt opnimme

Contact met een bepaalde B&B om te reserveren
Voor informatie en boekingen neemt u rechtstreeks contact op met de betreffende Bêd en Brochje.
Klik daarvoor bij ‘Kaart’ op de ballon, of bij ‘Lijst’ op de naam.

Contact met de organisatie
Klik hieronder op de link.

Alie Rusch
Schoterlandseweg 56
8454 KG Mildam
0513-841130
info@bedenbrochje.nl

Ruud Meurs
Murnserdyk 40
8573 WP Mirns
webside@bedenbrochje.nl

Alie Rusch (foarsitter en promoasje)
Lutske Wijma (siktaresse)
Dieuwke Visser (ponghâldster)
Melle Wijma (technyk)
Baukje Miedema (webside)

Bêd & Brochje is in feriening en stiet ynskreaun by de KvK ûnder nûmer 01102690.