Tips foar leden

Tips foar leden

Dizze side mei tips is spesjaal foar leden fan Béd en Brochje. Hjir steane tips om je B&B op ynternet te presintearjen en tips oer duorsumens.
Suggestjes foar (mear) ûnderwerpen binne wolkom op mailto:info@bedenbrochje.nl
De side is allinnich te berikken fia https://bedenbrochje.nl/tips/ (dus net fia it menu).

Tips om je B&B te promoatsjen op ynternet

Fia de knop hjirûnder iepenje je in  ienfâldige gids foar eigners fan akkommodaasjes dy’t mear boekingen fia it ynternet krije wolle.

Elk haadstik begjint mei in koarte ynlieding op de oanbelangjende webside. Dernei folgje ynstruksjes om jimme Bêd en Brochje op dy webside te registrearjen.

Dizze websiden ha de mooglikheid om in Bêd en Brochje fergees te registrearjen. In protte hawwe ek betelle tsjinsten dy’t net besprutsen wurde yn dit dokumint.

Op in oantal fan de neamde websiden is it mooglik om in ferbliuw direkt te boeken op jo akkommodaasje. Dat betsjut fansels dat beskikbere kalinders op dizze websiden, fia syngronisaasje of oars, aktueel wêze moatte en bliuwe. It is wichtich om dêr rekken mei te hâlden.

Tips oer duorsumens

Bêd en Brochje profilearret it eigen gesicht fan Fryslân op 4 kwaliteitsterreinen:
Kommunikaasje, iten en drinken, ynrjochting en duorsumens.
Dit jier spesjaal omtinken foar de Duorsumens.

Fia de knoppen hjirûnder kinne jo dokuminten iepenje mei maklik út te fieren duorsumens-tips op it mêd fan wetter, it brochje, skjinmeitsjen en enerzjy.